Heechleararen komme yn aksje tsjin kiloknallers

18 apr 2016 - 12:14
  • ANP

Fyftich heechleararen, wêrûnder de Fryske professor Theunis Piersma, stypje Wakker Dier yn de striid tsjin de kiloknallers. De heechleararen hoopje dat supermerken troch dy aksje ophâlde mei de ferkeap fan goedkeap fleis. Biste-ekolooch Piersma fynt dat supermerken der mei har kiloknallers foar soargje dat it plattelân net gau genôch duorsum wurdt.

Dêrmei wurdt it fee útstrûpt, seit Piersma. Trochdat it boerelân ferearmet troch de feehâlderij, giet dat ta skea fan bygelyks greidefûgels, mar ek oare bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)