Heech wetter op Skylge

23 feb 2002 - 00:00

De hege wetterstân liket foar problemen te soargjen op Skylge. It wetter stiet dêr sa heech dat stikken lân ûnder wetter drige te rinnen. Oardel jier lyn wiene deselde problemen op it eilân. It lân rûn doe yndie ûnder wetter.

Om de problemen diskear foar te wêzen, hat Wetterskip Fryslân sneon pompen nei it eilân brocht om it te folle oan wetter fuort te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)