Heech wetter oerfalt eilannen

18 mrt 2007 - 22:01

De hurde wyn hat in soad minsken op de Fryske Waadeilannen oerfallen. Op Skylge hawwe in pear auto's op de haven skea oprûn, omdat se yn it wetter stiene. De muorre by de haven is mei balken tichtmakke.

Ek op Flylân gong de muorre ticht. Dêr kaam it wetter heger as yn jannewaris. Op It Amelân koene de auto's krekt op tiid fan de pier helle wurde. Probleem wie fierder dat de fearboaten op de eilannen folle letter oanlizze koene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)