Heech wetter oarsaak ûngelok

12 des 2011 - 17:03

Net in te hege steapel konteners, mar it hege wetter is de reden dat snein it skip Fides fêst kaam te sitten ûnder in brêge oer Prinses Margrietkanaal. Dat seit eigener Edwin Groen fan it 110 meter lange skip. De skipper hat in ferkearde ynskatting makke fan de hichte fan de brêge en de hegere wetterstân ferraste him.

It skip hat sneintemiddei seis oeren fêstsitten foardat skipsloper Theo Reitsma de konteners wer los krige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)