Heech krijt nije iel-aak

27 nov 2005 - 14:03

De iel-aak krijt syn wichtige posysje yn de ekonomy fan de Súdwesthoeke wer werom. It skip fersoarge goed 350 jier de ielhannel tusken Fryslân en Ingelân, mar ein jierren 30 kaam der samar in ein oan. It ferdwinen fan de iel-hannel wie in grutte ekonomyske klap foar de Súdwesthoeke en foaral foar Heech.

Sneon waard in begjin makke mei de bou fan in nije iel-aak. It restaurearre skip moat de kommende jierren foar in soad ekstra toeristen soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)