Heech hat eigen enerzjykoöperaasje

10 nov 2014 - 11:28

Heech hat in eigen enerzjykoöperaasje. Yntusken hawwe 30 ynwenners út it doarp harren oanmeld by de Coöperatie Duurzaam Heeg. De koöperaasje is dit wykein offisjeel presintearre op de enerzjymerk yn it doarp. Dêr krigen de bewenners ynformaasje oer sinnepanielen en isolearjende en besparjende maatregels.

De koöperaasje hâldt begjin takom jier de earste ledefergadering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)