Hedy mei gjin bern mear opfange

21 jan 2005 - 16:39

Bernedeiferbliuw Hedy's Kinderparadijs yn Snits krijt de fergunning net werom. De gemeente hie dy ynlutsen om't de man fan de eigeneresse him mei de bedriuwsfiering bemuoide. Dat mocht net om't er earder feroardiele wie foar ûnseedlik gedrach mei in minderjierrige. Mei in koart pleit besocht it deiferbliuw de fergunning werom te krijen. De bestjoerrjochter hat it fersyk ôfwiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)