'Hebeca' siket sponsors

02 jan 2012 - 09:25

De inisjatyfnimmers fan Hebeca hawwe ferlet fan jild om de finansiering fan wat it grutste lokaasjesteatstik fan 2012 wurde moat rûn te krijen. In stik oer in steppedoarp yn Ruslân en syn ynwenners kostet sa'n twa ton, mar der is noch mar in tredde troch subsydzjes dekt.

Hebeca siket sponsors om yn septimber it stik tolve kear op te fieren yn de Broekpolder by Jistrum. As der minder jild beskikber is mooglik minder faak. Neist betelle akteurs wurde ek amateurs en doarpsbewenners by it teaterprojekt belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)