Hebeca no al súkses

08 sep 2012 - 16:26
  • Hebeca

Hebeca, de grutste lokaasjefoarstelling yn Fryslân fan dit jier, is no al in súkses. Foar de premjêre fan freed binne der al twa ekstra foarstellings bykaam. Hebeca wurdt spile by it doarpke Jistrum, midden yn de natuer. Hebeca is in doarpke yn Ruslân en de namme betsjut Himel. Minsken libje der neffens oerâlde tradysjes en ha in sober bestean. Sadwaande ek it flaaks dat it publyk oanbean krijt.

Mar as âld-ynwenner Viktor Vodka weromkomt feroaret alles. Hy feroaret it doarp yn in wolfarrende mienskip. Mar dan giet fan alles mis.

Hebeca wurdt regissearre troch Dirk Bruinsma. Viktor Vodka wurdt spile troch good old Peter Tuinman. Hy wennet net mear yn Fryslân, mar kaam hjirfoar graach werom. De premjêre fan freed wie in spannend momint. Mar de besikers binne entûsjast. Ek de echte kenners. Hebeca wie útferkocht, mar der binne twa foarstellings bykaam. Dêr binne noch kaarten foar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)