Hearrenfeanster rint nei mem

01 aug 2011 - 18:44

De 64-jierrige Paul Rademaker fan It Hearrenfean is moandeitemiddei begûn mei in 100 kilometer lange kuiertocht nei Slochteren. Syn mem wennet yn dat plak en fiert tiisdei mei famylje en kunde har hûndertste jierdei.

Rademaker kuiere oer Appelskea, Rolde en Hoogezand nei Slochteren. Hy kaam dêr tiisdeitemoarn. Yn 2001 rûn de Fries al in tocht fan 90 kilometer nei Slochteren om't syn mem doe njoggentich jier waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)