Hearrenfeanster famke al hast in moanne fermist

08 okt 2015 - 18:48

De plysje is op syk nei de 15-jierrige Albena Krasimirova fan It Hearrenfean. It famke is op 12 septimber fan hûs gien en dêrnei net wer sjoen. Neffens de plysje is se mooglik nei Dútslân gien.

Albena hat donker hier, brune eagen en is 1 meter 60 lang. Wa't mear oer har wit, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje. Dat kin op it nûmer 0800-6070.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)