Hearrenfeanster driget mei pistoal op De Gordyk

13 maaie 2015 - 10:32
  • Pistoal

In man (29) fan It Hearrenfean is tiisdei yn syn wenning oanhâlden, omdat hy op De Gordyk in automobilist (30) fan De Himrik mei in pistoal bedrige hie. De man fan De Himrik hie de Hearrenfeanster ynhelle, omdat dy hiel stadich ried. De Hearrenfeanster helle dêrop de Himrikker wer yn en bedrige him en syn passazjier mei in pistoal.

Mei help fan de omskriuwing fan de man en syn auto wist de plysje de bedriger te achterheljen. Yn syn hûs binne in nepfjoerwapen en in boksbeugel fûn. De wapens binne yn beslach naam. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)