Hearrenfeanspilers op de fyts op iepen dei

04 jul 2015 - 16:48
  • De spilers kamen op de fyts it stadion yn
  • Iepen dei SC Hearrenfean

Goed trijetûzen minsken hawwe sneon by de iepen dei fan SC Hearrenfean west. Nettsjinsteande de waarmte wie it drok by de presintaasje fan de spilers. Dy kamen op de fyts it Abe Lenstrastadion yn. Nei ôfrin fan de presintaasje wie der in hantekeningsesje fan alle spilers yn de grutte hal. Dêr rûn it kwik aardich op. Bûten koene bern har fermeitsje op luchtkessens en oare ferdivedaasje.

Yn ferbân mei it waarme waar hie de organisaasje in tal aktiviteiten nei binnen ferpleatst. Der waarden ek in soad wetterfleskes útdield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)