Hearrenfeanse Boys - ONS: 1-2

24 maaie 2003 - 00:00

De Hearrenfeanse Boys ha sneontemiddei mei 1-2 ferlern fan ONS Snits. Foar rêst skoarde Ton Haarman de 1-0 foar de Boys. Flak nei rêst makke Nico de Jong dêr 1-1 fan. Yn blessueretiid skoarde ynfaller Lahoucen Oukoums de winnende treffer.

ONS giet takom sneon troch nei de beslissingswedstriid by de Flevo Boys tsjin Dos Kampen. De winner fan dy wedstriid promovearret nei de haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)