Hearrenfeanfans swaaie spilers út by Abe Lenstrastadion

15 feb 2015 - 10:55
  • Hearrenfeanspilers gean nei de bus
  • De bussen stean klear om nei Ljouwert te gean

By it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean wie sneintemoarn al in soad drokte. Supporters stiene by de spilersbus om de spilers mei blauwe reek feestlik 'yn de bus te bringen'. Foar de supporters sels stie in tsiental bussen klear dy't harren fan SC Hearrenfean nei Ljouwert bringe foar de wedstriid Cambuur-Hearrenfean fan sneintemiddei.

It is foar Hearrenfeansupporters allinnich mooglik om mei in kombinearre bus-stadion-ticket ôf te reizgjen nei de wedstriid. De wedstriid is útferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)