Hearrenfeanfans oppakt nei rel

28 maaie 2010 - 09:55

De plysje hat fiif supporters fan SC Hearrenfean oanhâlden dy't mooglik belutsen wiene by rellen yn Waalwyk. Dy wiene op 20 febrewaris foar de wedstriid tsjin RKC. Yn Waalwyk kaam it ta in konfrontaasje tusken supporters.

De plysje dêr woe gjin ûndersyk dwaan nei de Hearrenfeansupporters, mar justysje yn Fryslân wol. Ynwenners fan De Pein, Easterwâlde, Stienwyk, Snits en Koatstertille hawwe in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)