Hearrenfeaner Wintjens nei VVV

15 jun 2007 - 19:15

Reservekeeper Danny_Wintjens fan sportclub Hearrenfean giet nei VVV Venlo. De 24-jierrige keeper wie by Hearrenfean tredde keeper efter Brian Vandenbussche en Rob_van_Dijk.

Wintjens kaam oan it begjin fan it seizoen oer fan FC Twente, mar hy hat úteinlik gjin minút yn it earste spile by Hearrenfean. By VVV Venlo, dat it ôfrûne seizoen promovearre nei de earedivysje, moat Wintjes de konkurrinsje oangean mei Kevin_Begois.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)