Hearrenfean yn kwartfinale beker

05 feb 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat tiisdei mei 1-3 wûn fan Stormvogels/Telstar yn de achtste finales fan de Amstel Cup. Alle doelpunten foelen yn Velsen nei it skoft. It waard 0-1 troch de earste goal fan Sibon. Dêrnei makke Romano Denneboom der 0-2 en 1-3 fan. Fia in penalty kaam Telstar noch werom op 1-2.

Yn de kwartfinale komt Hearrenfean út tsjin PSV dy't woansdei mei 0-3 wûn fan ADO/Den Haag. Hearrenfean spilet de kwartfinale yn Eindhoven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)