Hearrenfean wol sterke lieder

12 mrt 2010 - 13:54
  • Riemer van der Velde

SC Hearrenfean krijt takom seizoen in nije direksjefoarsitter dy't de lieding krijt oer de hjoeddeiske direksje. Fierders hâlde fiif fan de seis kommissarissen dermei op. Under harren âld-foarsitter Riemer van der Velde dy't fuortendaliks ôftreedt.

De nije direksjefoarsitter is noch net bekend. Der wurdt noch ien foar socht. De stappen hawwe te krijen mei in reorganisaasje fan de direksjestruktuer nei oerlis tusken direksje en de kommissarissen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)