Hearrenfean wol Hildebrand

02 sep 2011 - 17:15
  • Timo Hildebrand

SC Hearrenfean hat in petear hân mei doelman Timo Hildebrand. De sânfâldich Dútsk ynternasjonal is transferfrij en spile it ôfrûne seizoen noch foar Sporting Clube de Portugal.

Hearrenfean hie hope de deal rûn te krijen foar it sluten fan de transfermerk. Dit mei it each op it eventueel ferhieren fan ien fan de trije doelmannen dy't by de klup omrinne. "Wy hawwe nei Hildebrand ynformearre en hy is syn opsjes oan it besjen", seit foarsitter Veenstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)