Hearrenfean wol fyfde wurde

11 jan 2007 - 10:12

Foarsitter Koos Formsma tinkt dat sc Hearrenfean dit seizoen ôfslute sil mei in fyfde plak yn de earedivyzje. De club stiet op dit stuit sechsde mei fiif punten achterstân op nûmer fiif FC Twente. Mar neffens Formsma jout it spul fan Hearrenfean de lêste moannen alle reden om oan te nimmen dat it fiifde plak helle wurde sil.

Yn de takomst wol de opfolger fan Riemer fan der Velde noch hegerop lyk as in club as AZ de lêste twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)