Hearrenfean wol enerzjypark

09 mrt 2011 - 19:26

De gemeente Hearrenfean wol oan de noardeastkant fan it klaverblêd in enerzjypark ûntwikkelje. It giet om in gebiet fan sa'n hûndert hektare grûn dêr't romte is foar bedriuwen dy't har dwaande hâlde mei saken as miljeu, griene enerzjy en duorsumheid.

By de ûntwikkeling fan it park wurdt ek rekken hâlden mei in mooglike spoarferbining tusken It Hearrenfean en Grins. Ein dizze moanne sil de ried te set oer it enerzjypark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)