Hearrenfean wis fan play-offs

12 maaie 2013 - 16:29
  • De winst is binnen

Sportklup Hearrenfean is wis fan de play-offs foar pleatsing foar Europeesk fuotbal. De ploech fan Marco van Basten ferlear snein de lêste kompetysjewedstriid mei 1-0 fan Roda JC, mar seach direkte konkurrint ADO Den Haach yn Zwolle mei 4-2 ûnderút gean. Dêrtroch einiget SC Hearrenfean op it 8e plak en is de ploech dochs slagge yn de doelstelling om de play-offs te heljen.

Yn Kerkrade kaam Hearrenfean yn de earste helte op 1-0 efterstân. In ynspiraasjeleas Hearrenfean krige in hantsjefol kânsen mar wist net te skoaren.

Kommende tongersdei stiet de earste play-off wedstriid tsjin FC Utrecht op it programma. Snein is de return yn De Galgenwaard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)