Hearrenfean wis fan de play-offs, mei tank oan Cambuur

26 apr 2015 - 15:26

Sportklup Hearrenfean is wis fan de play-offs om Europeesk fuotbal. Mei tank oan SC Cambuur. Trochdat de Ljouwerters mei 0-0 lykspilen yn Dordrecht, kin Cambuur Hearrenfean net mear efterhelje. Dêrtroch is Hearrenfean wis fan it achtste plak.

It is noch net wis oft dat achtste plak ek rjocht jout op dielname oan de play-offs, mar dochs is Hearrenfean wis fan de play-offs. Dat komt trochdat FC Grins en PEC Zwolle de bekerfinale spylje. Beide ploegen stean no 8e en 7e, wêrtroch't Hearrenfean al wis is fan de play-offs.

De bekerwinner giet ek Europa yn. Oft dat no Zwolle of Grins is, makket foar Hearrenfean neat út. Cambuur makket ek noch kâns op de play-offs. De Ljouwerters stean njoggende en moatte as achtste einigje om kâns te hâlden. Dêrnei hinget it der foar Cambuur noch fan ôf wa't de beker wint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)