Hearrenfean wint wer fan Ajax

01 feb 2009 - 00:49
  • Danijel Pranjic makke de goal

Foar de twadde kear dizze kompetysje hat de Sportklub Hearrenfean fan Ajax wûn. Yn de Amsterdam Arena waard it troch in frije traap fan Danijel Pranjic yn de 59ste minút 1-0 foar de Feansters.

Yn it begjin fan de twadde helte moast Ajax mei tsien man fierder nei de reade kaart foar Thomas_Vermaelen. Hy rûn de trochbrutsen Roy_Beerens ûnderút. Doe kaam It Fean better yn it spul en hie dien wurk meitsje kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)