Hearrenfean wint thriller

29 sep 2013 - 16:35
  • Lukoki makke yn de twadde helte gelyk foar Cambuur

SC Hearrenfean hat snein mei 2-1 fan Cambuur wûn. Yn it Abe Lenstrastadion waard it publyk traktearre op in wiere fuotbalthriller. Dêr't de begjinfaze foar Cambuur wie, makke Luciano Slagveer yn de 18e minút de iepeningstreffer foar Hearrenfean. Yn de twadde helte opnij folop kânsen oan beide kanten.

Yn de 65e minút foel de fertsjinne Ljouwerter lykmakker en brocht Jody Lukoki it útfak mei Cambuursupporters yn ekstaze. Lang mocht it feestje lykwols net duorje, want twa minuten letter soarge topskoarder Alfred Finnbogason foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)