Hearrenfean wint spektakelstik

02 maaie 2012 - 22:13

Sportklup Hearrenfean hat yn in prachtige wedstriid mei 4-3 wûn fan FC Twente. Yn Enschede kaam de thúsploech fûl út de startblokken en binnen 20 minuten stie it al 2-0 troch twa goals fan Luuk de Jong. Al fluch die Bas Dost mei syn 31e kompetysjegoal wat werom en sadwaande stie it 2-1 by it skoft.

Yn de twadde helte wachte Hearrenfean geduldich op de kânsen. Dy kamen der en fia Luciano Narsingh en Oussama Assaidi waard it 2-4. Yn de blessueretiid kopte Douglas noch de 3-4 binnen, mar fierder kaam Twente net.

Hearrenfean spilet snein noch thús tsjin Feyenoord. By winst óf ferlies stelt de ploech fan Ron Jans Europeesk fuotbal feilich. By in lykspul is it ôfhinklik fan de resultaten fan PSV en AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)