Hearrenfean wint oefenwedstriid

04 jul 2004 - 16:58

Sportclub Hearrenfean hat sneontejûn de twadde oefenwedstriid fan it seizoen wûn. Der waard mei 5-1 wûn fan de fuotballers fan Gaasterlân-Sleat. Yn Balk stie it by skoft 1-0 foar de Feansters, troch in doelpunt fan Rose.

Yn de twadde helte brocht trener Gert Jan Verbeek in nij alvetal yn it fjild. Youssouf Hersi makke de 2-0. Dêrnei waard it 5-0 troch doelpunten fan Samaras, Calincov en Wolfgang. Piet Bosman skoarde noch foar Gaasterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)