Hearrenfean wint oefenpot

11 jan 2012 - 23:09
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Sportklup Hearrenfean hat woansdei mei 4-2 wûn fan it Dútske Bayer Leverkusen. Hearrenfean is op it stuit op trainingskamp yn Portugal en spile dêr in freonskiplike wedstriid tsjin Leverkusen.

De doelpunten foar Hearrenfean waarden makke troch Hakim Ziyech, Ramon Zomer, Rajiv van La Parra en Luciano Slagveer. It Dútske Leverkusen spilet gewoanwei yn de Champions League en hat grutte nammen lykas Ballack yn it team. Trainer Henk Herder hie net it idee dat de Dútsers in B-alvetal opsteld hiene. Sneon spylje de Feansters tsjin Hannover.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)