Hearrenfean wint oefenduel

24 jun 2009 - 23:16

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn de earste oefenwedstryd fan it nije seizoen tsjin Staphorst mei dikke sifers wûn. De sneonshaadklasser waard op it eigen fjild mei 9-0 ferslein.

By Hearrenfean wie Paulo Henrique topskutter mei fjouwer doelpunten. Pedro Beda makke der twa, Patrik Ingelsten, Michael Dingsdag en Pavel Wojciechowski allegearre ien. Sneontejûn spilet Hearrenfean yn Bakhuzen tsjin in seleksje fan Gaasterlân-Sleat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)