Hearrenfean wint mei 3-2

08 nov 2009 - 16:37
  • Viktor Elm iepene de skoare

Sportklup Hearrenfean hat snein yn in doelpuntrike wedstriid mei 3-2 wûn fan Utrecht. Beide ploegen setten mei in soad flaters útein. Viktor Elm iepene yn de fyftjinde minút de skoare foar de Feansters. Yn de twadde helte wie it Michal Papadopulos dy't foar de 2-0 en 3-0 soarge.

Yn stadion de Galgenwaard kaam Utrecht noch werom oant 3-2. It waard dus noch spannend foar de Feansters, mar se pakten dochs de fjirde oerwinning fan dit seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)