Hearrenfean wint mei 2-3 fan NAC

07 des 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat snein yn Breda mei 2-3 wûn fan NAC. De Feansters hellen yn it Fujistadion de twadde útoerwinning fan it seizoen. Foar rêst kaam Hearrenfean op in 3-1 foarsprong troch twa doelpunten fan Sibon en ien fan Paul de Lange.

De foarsprong kaam nei rêst net mear yn gefaar. Hearrenfean klimt hjirmei nei in dielde fyfde plak yn it klassemint. Takom wike spilet Hearrenfean tsjin RBC Roosendaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)