Hearrenfean wint fan Xanthi

29 jul 2007 - 08:32

SC Hearrenfean hat sneon de oefenwedstriid tsjin it Grykske Skoda Xanthi mei 3-2 wûn. De Feansters stienen nei 25 minuten al mei 3-0 foar. De goals waarden makke troch Thomas Prager, Danijel Pranjic en Lasse Nilsson. By Hearrenfean stie Rob van Dijk de hiele wedstriid yn it doel.

Yn de twadde helte kaam Xanthi mei 10 nije spilers yn it fjild. Fia Lapiapos en Garcia kamen sy werom oant 3-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)