Hearrenfean wint fan Volendam

31 aug 2008 - 16:25
  • Christian Grindheim makke de earste goal

Sportklub_Hearrenfean hat de earste kompetysjewedstriid mei 3-2 wûn fan promovendus FC Volendam. Yn de earste helte kaam Hearrenfean troch in geweldige goal fan Christian Grindheim op foarsprong. Hy skeat de bal fan in goede 20 meter yn de krusing. Troch in goal fan Jack Tuyp kaam de thúsploech yn de twadde helte op likense hichte.

Tarik_Elyounoussi en Danijel_Pranjic setten Hearrenfean wer op foarsprong. Yn de blessueretiid makke Tuyp noch 3-2, mar fierder kaam Volendam net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)