Hearrenfean wint fan Vitesse

18 apr 2005 - 15:09

Sportclub Hearrenfean hat sneon yn Arnhem mei 3-1 wûn fan Vitesse. By de rêst stie de ploech fan Gert Jan Verbeek efter mei 0-1 troch in doelpunt fan Amoah. Dy achterstân koe Hearrenfean nei rêst goed meitsje.

Samaras, Yildirim en Nilsson skoarden elk in kear. Samaras, dy't yn de twadde helte Huntelaar ferfong, hie doe ek al twa kânsen mist. Hearrenfean stiet nei dizze winst op it seisde plak yn de Holland Casino Eredivisie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)