Hearrenfean wint fan Utrecht

25 okt 2004 - 16:19

SC Hearrenfean hat sneintemiddei yn it Abe Lenstrastadion mei 2-1 wûn fan FC Utrecht. De wedstriid wie in skoftlang yn lykwicht, mar Hearrenfean krige geandewei de wedstriid mear grip op it spul.

Klaas Jan Huntelaar wist yn de twadde helte twa kear te skoaren, yn de 80e en de 83e minút. Leitoe makke yn de 90e minút noch in tsjindoelpunt. By de wedstriid wiene 17.752 taskôgers oanwêzich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)