Hearrenfean wint fan Sparta

16 jul 2011 - 17:19
  • Victor Elm

Sportklup Hearrenfean hat sneon yn Appelskea mei 2-1 fan Sparta wûn. Yn de rêst fan dizze oefenwedstriid stie it noch 0-0. De earste helte wie it net al te bêst, mar nei it skoft gie it better. Twa minuten nei elkoar makken respektivelik Victor Elm en Sven Kums de beide Fean-goals.

Kums wie krekt yn it fjild kommen foar Geert-Arend Roorda dy't noch net langer as in oere spylje mei. Yn de lêste minút skoarde Mario Bilate noch foar Sparta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)