Hearrenfean wint fan RKC

18 nov 2006 - 22:05

SC Hearrenfean hat sneontejûn de útwedstriid tsjin RKC Waalwijk mei 0-2 wûn. De einstân stie al by rêst op it skoareboerd. Yn de 13e minút makke Lasse Nilsson de iepeningstreffer. Sân minuten letter makke Afonso Alves de twadde goal.

De twadde helte hie net safolle mear om de hakken. Yildirim skeat noch op de latte en Pranjic miste noch in dikke kâns. RKC wie ûnmachtich om wat oan de efterstân te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)