Hearrenfean wint fan Mallorca

30 jul 2010 - 22:56
  • Djuricic makke twa goals (foto: Dirk Jan Haarsma)

Sportklup Hearrenfean kin mei in goed gefoel begjinne oan de kompetysje. De lêste oefenwedstriid tsjin Real Mallorca waard mei 4-0 wûn.

By rêst wie de stân al 3-0. Nei in eigengoal fan Ramis, waard it troch in fraaie kombinaasje 2-0 troch Djuricic. De Serviër makke ek de 3-0. Yn de einfaze makke Beerens noch de 4-0. Hearrenfean spile in knappe wedstriid en liet sa no en dan goed fuotbal sjen. Op 7 augustus begjint Hearrenfean thús tsjin PSV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)