Hearrenfean wint fan Heracles

22 jul 2004 - 10:10

De oefenwedstriid SC Hearrenfean en Heracles Almelo einige tiisdei yn 3-1. Lang like it derop dat it 1-1 wurde soe. Troch twa goals fan Samaras en Hersi wûnen de Friezen dochs noch. It earste doelpunt wie fan Klaas Jan Huntelaar.

Michel Breuer makke syn debút. De fan Excelsior oerkommen ferdigener foel yn foar Mika Vayrynen. De Sweden Petter Hansson en Erik Edman, dy't moandei op de basis weromkamen, ha noch net spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)