Hearrenfean wint fan Grins

12 des 2004 - 12:02

Hearrenfean mocht freed net kleie dat it mei trije punten it fjild ferlitte koe. Yn in matige wedstriid gie de striid tsjin FC Grins aardich lykop en wiene de bêste kânsen sels foar de Grinzers. Mar by Hearrenfean stie Vandenbussche wer as betroubere slútpost op 'e goal.

Lang like it ta te gean op in 0-0 lykspul. Mar yn de 66ste minút koe Väyrynen op in moaie pass fan Yildirim mei in lobke de iennichste goal skoare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)