Hearrenfean wint fan Go Ahead

27 jul 2006 - 09:00

De Sportklub Hearrenfean wûn woansdeitejûn de oefenwedstriid yn Terwolde mei 3-1 fan earste divisionist Go Ahead Eagles. Alle doelpunten foelen yn de earste helte.

Foar de Feansters waarden dy makke troch Michel Breuer, Rob Friend en Danijel Pranjic. Yn de earste helte spile Hearrenfean goed. Troch de waarmte en de talrike wiksels wie de twadde helte dúdlik minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)