Hearrenfean wint fan Go Ahead

12 apr 2014 - 22:27
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Sportklup Hearrenfean hat sûnder in protte spektakel de trije punten út Deventer meinommen. Go Ahead Eagles waard yn it eigen stadion mei 2-0 ferslein. Joost van Aken sette de Feansters yn de 36e minút op foarsprong. Hy kopte de hoekskop fan Daley Sinkgraven tsjin de touwen.

Alfred Finnbogason makke yn de 76e minút op oanjaan fan Bilal Basacikoglu dien wurk mei de twadde goal foar Hearrenfean. It wie syn 27e doelpunt fan it seizoen. SC Hearrenfean stiet kreas op it sechsde plak mei 51 punten út 32 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)