Hearrenfean wint fan FC Grins

09 feb 2014 - 18:21

SC Hearrenfean hat snein de noardlike derby mei 3-1 wûn fan FC Grins. Yn de Euroborg iepene Rajiv van La Parra nei 33 minuten de skoare mei in ferwoastigjend skot. Hakim Ziyech tekene dêrnei foar de 2-0. Fan 11 meter ôf smiet Alfred Finnbogason de wedstriid yn it slot mei de 3-0 yn de 39e minút. In reade kaart foar middenfjilder Kieftenbeld soarge boppedat dat Grins mei 10 man fierder moast.

Nei rêst kaam ek Hearrenfean mei 10 te stean nei read foar Kenneth Otigba. Fan 11 meter ôf soarge Michael de Leeuw yn de 85e minút foar de einstân.

De ploech fan trainer Marco van Basten komt troch de winst op 36 punten út 23 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)