Hearrenfean wint fan AZ

09 maaie 2004 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneintemiddei mei 1-0 wûn fan AZ. Gerald Sibon skoarde yn de 81e minút. Hearrenfean hie noch ien puntsje nedich om him te pleatsen foar Europeesk fuotbal. Dat is no dus slagge. It wie de lêste wedstriid wêrby't Foppe de Haan optrede as trener fan de ploech.

Nei de wedstriid barste it ôfskiedsfeest foar Foppe de Haan los. De Haan waard ûnderskieden as ridder yn de oarder fan Oranje Nassau.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)