Hearrenfean wint fan Ajax

04 mrt 2007 - 16:38
  • Lasse Nilsson skoarde yn de 17e minút

SC Hearrenfean hat sneintemiddei mei 0-1 wûn fan Ajax. Lasse Nilsson makke yn de santjinde minút it iennige doelpunt fan de wedstriid. De Amsterdamske ploech spile teloarstellend foar sa'n 50.000 taskôgers yn it eigen stadion.

Topskoarer Afonso Alves koe snein noch net meispylje fanwege in blessuere oan de knibbel. Mooglik is de Braziliaan takom wike by de wedstriid tsjin RKC Waalwijk wol wer fan de partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)