Hearrenfean wint fan Ajax

18 okt 2004 - 11:23

Sportclub Hearrenfean hat sneontejûn yn Amsterdam mei 1-3 wûn fan Ajax. Ajax naam troch Anastasiou yn de earste helte noch wol de lieding. Troch doelpunten fan Yildirim, Väyrinen en Selakovic waard dat yn de twadde helte omset nei de histoaryske 1-3 oerwinning.

Hearrenfean hat fuotbalskiednis skreaun, omdat it de earste oerwinning fan Hearrenfean yn Amsterdam tsjin Ajax wie. Nei de wedstriid wie elkenien by de sportclub geweldich op it snjit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)