Hearrenfean wint en bliuwt ien

10 aug 2006 - 10:19

De skûtsjestriid woansdei by De Lemmer is wûn troch de nûmer ien fan it klassemint, Pieter Brouwer fan It Hearrenfean. Twad waard Earnewâld mei skipper Gerhard Pietersma en tred Douwe Visser mei it Grouster skûtsje.

Om't Snits fjirde, Wâldsein seisde en Jitze Grondsma sande einige, bliuwt it tige spannend boppe-yn. Tusken de nûmers 1 en 5 sitte 8 punten ferskil. Tusken de nûmer 1 Hearrenfean en nûmer 2 Snits sitte 5 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)