Hearrenfean út de UEFA-cup

04 okt 2007 - 19:50
  • De bal leit der foar de fyfde kear yn

Sportklub Hearrenfean leit út de Europeeske kompetysje. Ut tsjin it Sweedske Helsingborg gongen de Feansters mei 5-1 ûnderút. Al yn de earste helte kamen de Sweden op 3-0 foarsprong en yn de twadde helte bouden se dat sels út oant 5-0. Yn de lêste minuten fan de wedstriid makke Gerald Sibon noch wol de 5-1, mar dat wie te min en te let.

De thúswedstriid hie Hearrenfean noch wol wûn mei 5-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)