Hearrenfean ûnder tafersjoch

13 jun 2013 - 11:44
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean komt ûnder tafersjoch fan de provinsje te stean. Der is in tekoart fan 28,8 miljoen. Dêrom komt de gemeente ûnder previntyf finansjeel tafersjoch fan de provinsje Fryslân. Om finansjeel sûn te wurden moat de gemeente pynlike maatregels nimme. Sa giet nijbou oan it Moleplein net troch. Dêr soe in parkeargaraazje komme mei in pear supermerken.

Fierders oerwaget de gemeente in ferheging fan 4,6 prosint fan de gemeentlike lêsten. Se wolle kwytskelding fan belesting ôfskaffe en minder subsydzjes útkeare.

Yn 2014 wolle se oardel miljoen besunigje en dat rint op ta 3,4 miljoen yn 2017. De wichtichste oarsaak fan de jildpine is it gemeentlike grûnbedriuw. De gemeente moat 51 miljoen ôfwurdearje op it gemeentlik grûnbesit. Ek hat de gemeente noch 180 miljoen euro oan skulden. De provinsje fynt dat de gemeente in positive finansjele reserve heart te hawwen fan 2,5 miljoen. De gemeente Hearrenfean hopet dit ideaal yn 2021 te berikken. Boargemaster Van der Zwan omskreau de finansjele posysje fan syn gemeente as 'ín koarddûnser op in izeren tried boppe de Grand Canyon'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)